Regaad bestiet 10 jier
Op 11 novimber 2023 is it sa fier: dan bestiet Utjouwerij Regaad mar leafst 10 jier. Tsien jier lyn is de útjouwerij oprjochten troch fiif manlju, allegear âld-lid fan de Fryske Studintefiering F.F.J Bernlef út Grins. Mei as doel: moaie boeken meitsje. Want alle boeken dy’t de manlju yn hannen krigen, dat koe moaier. Oft it no om de kaft gong, om de yllustraasjes, om de oersetting, nim it mar: dat koe Regaad ek wol. Regaad stiet foar kwailteit oer alle boegen.
Totaal oersjoch per jier
2013
- Oprjochting Stichting Utjouwerij Regaad, troch Peter, Bert René en Anne Tjerk
2013
2014
- Boek: ‘De skacht en de slinger’, mei thúsbesoarging troch Regaad sels by de earste klanten
2014
2015
- Hielke komt derby
- Boek: ‘De skipsjonges fan Bontekoe’
- Boekpresintaasje ‘Skipsjonges’ op teaterskip Bald’r
- Boek: ‘Erik of it lyts ynsekteboek’
- Boekpresintaasje ‘Erik’ by skriuwersarkje Rink van der Velde
- Krystkado: ‘Havank yn Fryslân’
2015
2016
- Stripboek: ‘In wrâldreis yn 80 dagen’, op skript fan Tryntsje fan der Steege en Regaad mei
- lespakket; hardcopy én digitaal
- Boekpresintaasje ‘Wrâldreis’ mei Redmond O’Hanlon yn Drachten
- Boek: ‘De GFR’
- Dreamenboekje makke mei skoalbern
- Boekpresintaasje ‘De GFR’ mei dreameboekje en dreamepotsjes yn Mantgum
- Literêr festival ‘Obe Foarspul’ mei û.o. Baldrs Draumar, oersetwedstriid (wûn troch André Looijenga) en boekje ‘Lytse Obe #1’
- Obe Postmapriis foar ‘Erik of it lyts ynsekteboek’
- Krystkado: Flutboekje
2016
2017
- Erik komt derby
- Boek: ‘Teltsjes fan Tellegen – Alventritich bisteferhalen’
- Boekpresintaasje ‘Teltsjes’ mei reptilen en Toon Tellegen
- Boek: ‘De wiete poes en oare ûnfoege folksferhalen’ sammele troch Jurjen van der Kooi en bewurke troch Douwe Kootstra
- Gleon yn de keet-tour troch 7 plakken mei Douwe Kootstra, Sytse Sneekweek en DJ Heet-in-de-mond
- Boek ‘Ventoux’
- Tour de Frise, yn Bernlef mei û.o. Bert Wagendorp en Joop Atsma
- Krystkado: Guozzeboerd
2017
2018
- Boek: ‘It parfum’
- Boekpresintaasje ‘It Parfum’ farrend troch Alde feanen, mei û.o. Elmar Kuiper en Hein Jaap Hilarides
- IBBY-Honourslist foar ‘De GFR’
- Presintaasje en awardútrikking op IBBY-kongres yn Athene
2018
2019
- Boek: ‘De bruorren liuwehert’
- Boekpresintaasje ‘de bruorren’ yn de Skierstins, mei û.o. Willem Schoorstra
2019
2020
- Boek: ‘Leafde yn Ljouwert’
- Corona-proof boekpresintaasje ‘Leafde yn Ljouwert’
- Obe Postmapriis foar ‘It parfum’
- IBBY-Honourslist foar ‘Teltsjes fan Tellegen’
2020
2021
- Boek: ‘Enola Holmes – De saak fan de fermiste markys’
- Boekpresintaasje ‘Enola’ op geheime lokaasje – te finen troch in speurtocht
2021
2022
- Boek: ‘Damje mei ome Hajo’
- IBBY-Honourslist foar ‘De bruorren Liuwehert’
2022
2023
- Boek: ‘Bistespul’
- Boek: ‘1984’
- Feest 10 jier Regaad en boekpresintaasjes ‘Bistespul’ en ‘1984’ mei Meindert Talma
2023