Algemiene betingsten

1. Privacybelied en ferwurkjen fan gegevens

A. Wy sammelje allinich de gegevens dy’t nedich binne foar it ferwurkjen fan bestellings.

B. De gegevens wurde allinich brûkt foar it ferstjoeren en ferrekenjen fan de bestellings. Sûnder dyn tastemming wurdt de bestelling net ôfhannele

 

2. Gebrûkersbetingsten

A. Rjochten van de gebrûker fan de webside en webwinkel:

– tagong ta produkten en aktuele produktynformaasje

– Beveiling en gegevensbeskerming, sjoch artikel 6

– Annulearing en weromstjoeren, sjoch artikel 4

– Klanteservice, sjoch artikel 5

B. Plichten van de gebrûker fan de webside en webwinkel:

– Krekte Ynformaasje: do joust krekte en aktuele ynformaasje by it pleatsen fan in bestelling, lykas goede namme, adres en betellingsgegevens.

– Brûk neffens betingsten: It brûken fan de webwinkel yn oerienstimming mei de jildende betingsten en beliedsregels, ynklusyf it respektearjen fan auteursrjochten en yntellektueel eigendom fan de oanbeane boeken.

– Meidieling fan problemen: It op ‘e tiid melden fan eventuele problemen, klachten of fragen oan ús klanteservice foar passende oplossingen.

C. Yntellektueel eigendom fan de oarspronklike teksten is fêstlein yn de boeken. Yntellektueel eigendom fan de oersettings leit by Utjouwerij Regaad as it net oars oanjûn is yn it boek. Yntellektueel eigendom fan de yllustraasjes leit by de yllustratoren.

 

3. Bestellingen en Betellingen:

A. Bestellingen kinne yn de webwinkel dien wurde, de bestelling wurdt sa gau mooglik ferstjoerd. Tink der om dat wy in stifting binne en net in kommersjeel bedriuw mei personiel. We kinne dan ek gjin garânsjes jaan op de ferstjoertermyn mar we dogge ús bêst foar dy!

B. Prizen yn de websjop binne ynklusyf BTW en ferstjoerkosten as it net oars oanjûn is.

 

4. Annulearing en Weromstjoeren:

A. Annuleare fan diene bestellings en weromstjoeren fan boeken kin allinich nei oerlis, mail hjiroer mei ynfo@regaad.nl


5. Klanteservice en Klachteproseduere:

A. Foar fragen en klachten kinne jo maile mei ynfo@regaad.nl, we dogge ús bêst om der sa gau mooglik op te reageren.

 

6. Beveiliging en Gegevensbeskerming:

A. Wy dogge ús bêst om dyn persoanlike gegevens te beskermjen. Dit dogge we troch de webside oer SSL oan te bieden. It platfoarm wêrop ús website boud is foldocht ek oan de wetten dy’t derop fan tapassing binne.

B. Wy folgje de AVG en oare privacywetten dy’t fan tapassing binne foar safier dat yn ús fermogen leit.

 

7. Cookies en Tracking:

A. We brûke gjin cookies.

Shopping Cart