Kontakt

ynformaasje

Gearwurkje mei Regaad? Regaad wurket graach gear mei goeie skriuwers, oersetters en yllustratoaren. Mar wy wurkje wol altyd fia de Regaad-wize. Dat wol sizze: it moat passe by Regaad en wy meitsje it mei ús allen. Eltsenien moat der oan ’e ein fan ’e rit in goed gefoel by ha: by it boek, by de oersetting, by de yllustraasjes en ek by de gearwurking.

Folkingestraat 9B
9711 JS Grins

ynfo@regaad.nl
06 25 42 75 48
KvK: 59 28 45 36

In fraach?

Foar de boekhannel

Utjouwerij Regaad is in stifting en hat net as doel om winst te meitsjen. Dêrom ha wy gjin fertsjintwurdiger dy’t ús boeken ferkeapet en binne ús boeken net fia it Sintraal Boekhûs te krijen. Regaad makket wol kwalitatyf heechweardige boeken dy’t o sa geskikt binne om as kado fuort te jaan mar ek prachtich yn de eigen boekekast stean. Boeken fan Regaad ferkeapje yn jo boekhannel? Dat kin fansels! Nim kontakt mei ús op fia ynfo@regaad.nl. Dan soargje we foar in moaie gearwurking.

Foar de parse

Foar it oanfreegjen fan in yllustraasje, omslach, fraachpetear mei in meiwurker, fragen oer it tsien-jierrich bestean fan de útjouwerij of oare fragen, kinne jo kontakt opnimme fia ynfo@regaad.nl of 06 25 42 75 48

Foar dosinten

Op syk nei in Frysk boek om te lêzen mei de klasse? Sjoch ris by Regaad! Regaad wurket graach gear mei skoallen om it Frysk lêzen te befoarderjen, want ús doel is om mear jongerein oan it Frysk lêzen te krijen. En dat hoecht net perfoarst mei in oarspronklik Frysk boek, dat kin ommers ek in oerset boek wêze. Sterker noch: dat kin miskien wol bétter in oerset boek wêze, dat de bern al kenne. Want sis no sels: it lêzen wurdt in stik aardiger wannear’tst fan te foaren al sin hast om it boek te lêzen! Oersettings op de lêslist? Ast it oan Regaad fregest, wurdt it heech tiid.

Shopping Cart