Search
Close this search box.

Oer regaad

Regaad meitsje: mei in skjin laai begjinne. Of hoe’t Regaad it sels graach omskriuwt: de boel wat opskodzje, tsjin de stream yn swimme, sjen litte dat it ûnmooglike mooglik is.

Yn novimber 2013 is Regaad oprjochte troch fiif Fryske Grinzers, alle fiif âld-lid fan de Fryske studinteferiening Bernlef. Fiif freonen mei dielde ynteresses, dy’t mei-inoar wat moais meitsje woenen.

De kwaliteit fan boeken koe better. En dan giet it net allinnich om de tekst, mar krekt ek oer it uterlik: omslach, yllustraasjes, papier. En dat is wat Regaad oant hjoed de dei noch altyd docht: noed stean foar álle aspekten fan in boek.

flnr: Peter, Anne Tjerk, Bert René, Erik, Hielke
Fotografy: Jaspar Moulijn

Doel

It doel fan Regaad is dus: moaie boeken meitsje. Mar we ha dêr wol in goede reden foar: we wolle it Frysk lêzen ûnder jongerein befoarderje. Hoe dochst dat? Troch boeken oer te setten dy’t dy doelgroep oansprekke! Unkaputtbare klassikers. Dy’t âlden wol keapje wolle foar harren bern, en dy’t bern ek lêze wolle. Nim bygelyks De GFR: lêswille garandearre, hielendal as der ek noch in moaie bioskoopfilm ferskynt, dat makket de kâns op entûsjasme noch folle grutter. Mar gauris ek in hiel nij hoekje opsykje: horror, ûnfoege ferhalen, doktersromantsjes… Altiten mei lêswille as doel. Dêr giet Regaad foar.

Gearwurkingen

Yn de earste jierren dienen we by Regaad it measte sels, mar wy kamen der al gau efter dat wy it like moai fine om goeie skriuwers, oersetters, yllustratoaren in platfoarm te jaan. Talint de romte en in publyk jaan! Dat is hieltiten sterker ûnderdiel wurden fan ús formule. Regaad jout net samar boeken út. Wy fine it wichtich om der in goed gefoel by te hawwen. By alle aspekten fan it boek. It moat by Regaad passe. Hokfoar gefoel past by in boek? Wat moat der barre ast in boek beet hâldst? Hokfoar sfear moat it hawwe? Dêr tinke we oer nei, en op basis fan sokke fragen sykje wy altyd de bêste minsken by it boek.

Skriuwers/oersetters wêrmei’t Regaad graach gearwurket:

Aant-Jelle Soepboer,  Ammerins Moss – De Boer, Douwe Kootstra, Jan Popkema, Henk Wolf, Geart Tigchelaar, Martsje de Jong, Willem Schoorstra, Rymke Zijlstra, André Looijenga, Tryntsje van der Steege, Meindert Talma.

Yllustratoaren wêrmei’t Regaad graach gearwurket:

Douwe Dijkstra, Hilda Groenesteyn, Nina Peckelsen, Roelof Wijtsma, Tony Roberts, Kim Hunnersen.

wat minsken sizze oer regaad:

De fiif freonen yn it koart

Bert-René Luimstra

Bert-René Luimstra is yn it hjoeddeistich libben businessanalist. Hy giet mei minsken yn petear om te sjen oft se allegear deselde taal prate. In kommunikative baan, en dat slút moai oan op Regaad. Wat is no de kearn fan it ferhaal? En by Regaad kin Bert-René dêr al syn kreativiteit tsjinoan goaie.

Anne Popkema

Anne Popkema neamt himsels in breafries: hy libbet fan de Fryske taal. Hy docht ûnder oaren in protte ûndersyk en jout les oan studinten. Regaad is foar Anne ‘in boarterstún dêr’t je dingen dwaan kinne dy’t je op oare plakken net dwaan kinne: frij fan beheiningen. Yn frijheid komme de moaiste dingen.’

Peter Boersma

Peter Boersma is foarmjouwer en hat in eigen ûntwerpburo. Hy wurket foar in soad útjouwers, mar kin by Regaad noch folle mear syn eigen gong gean. Frijheid yn de foarmjouwing. En dat fynt er moai.

Hielke Visser

Hielke Visser hat in finansjele, liedingjaande funksje yn it bedriuwslibben. Saaklik en drûch, mar hy fynt it wol moai. Regaad hat foar Hielke in maatskiplike funksje en dy kombinaasje fielt goed. Kwaliteit ôfleverje mei dyn maten, dêr krijst enerzjy fan.

Erik de Vries

Erik de Vries hat ek in finansjele funksje, as controller. Hy fynt it moai om oeral wei kennis en kunde byinoar te bringen en in útjouwerij draaiende te hâlden. In útsûnderlike hobby, dy’t de wrâld krekt even wat moaier makket.

Shopping Cart