1 9 8 4

“Grutte Broer sjocht dy.” In nije wrâldoarloch hat it minskdom ferparte oer trije supersteaten: Oseanië, Eastazië en Eurazië. Winston Smith wurket yn de legere esjalons fan it ûnbidige amtnerapparaat dat nedich is om de Oseanyske befolking ­ûnder de tomme te hâlden. Ynlânske spionaazje, desynformaasje, ­steatsterreur, de eangst foar ferried – oant yn it ­echtlik bêd – en taal binne it ark fan it totalitêre rezjym, ­oanstjoerd troch de ‘Binnen-Partij’, mei oan it haad derfan: Grutte Broer. Mar yn dy inketswarte maatskippij bloeit wat moais op. De ­leafde lit him net deltwinge, en jout hoop. Der gloart ljocht foar Winston. Kin er himsels, syn leafde, de wrâld rêde?

Hie George Orwell mei Animal Farm (1945) noch in tragikomyske fabel skreaun om it minskdom tsjin himsels te warskôgjen, mei syn 1984 (1949) helle er alle franje derôf. It soe de aartsfader fan de dystopyske roman wurde. Gjin boek lit sa ûnmeilydsum en ynkringend sjen wêr’t totalitêre rezjyms ta by steat binne om har iennige doel te berikken: macht om de macht. Orwells boadskip is hjoed-de-dei neat minder it lêzen wurdich as healweis de 20e iuw.

Regaad Nûmer 14
ISBN: 978 90 829857 3 3
NUR: 350
– Hardcover
– 170 x 230 mm
– 272 siden

Oersetting:
Ammerins Moss-de Boer
Yllustraasje omslach: Sytse van der Zee

 

 19,84

Miskien binne dizze boeken ek foar dy

Wat minsken sizze oer Regaad:

Shopping Cart