In reis nei it hert fan de Kongo
“Ik sil in grutte reis meitsje troch de oerwâlden yn it fiere noarden, mei de beamkano nei de boarnen fan ’e Motaba, dêr’t wy de boaten efterlitte, dan te foet troch it moeraswâld en oer de wetterskieding nei de Ibenga, yn ’e hope dat wy dêr in oare kano fine, en dan, as we gelok ha, de rivier ôfsakje nei de Likouala-aux-Herbes en te foet fierder nei de ferburgen mar, Lac Télé, dêr’t Mokélé-Mbembé, de Kongodinosaurus wenje soe.” Sa kundiget Redmond O’Hanlon syn reis oan by in tsjoenster yn Brazzaville, de haadstêd fan Kongo. Dy reis bringt him oer brede rivieren, troch de tichte jungle, nei in mysterieuze mar, mei gefaar fan soldaten, korrupsje, swarte magy en giftige bisten, nei it plak dêr’t er hinne wol om it mystearje fan de Kongodinosaurus bleat te lizzen.
Redmond O’Hanlon (1947) is in Britske reisskriuwer yn de alderbêste tradysje. Syn boeken ha oer de hiele wrâld miljoenen lêzen. Foar de VPRO makke er de seary “O’Hanlons Helden” (2012-2013) en wurke er mei oan in rekonstruksje fan de reis fan Charles Darwin op de Beagle (2009). Foar it earst is syn wurk no yn it Frysk te lêzen, op in wize sa’t noch nea Frysk lêzen wurde koe. De oersetting fan Martsje de Jong is linich en geef, en de tsientallen nije Fryske nammen foar bisten betsjutte in grutte ferriking fan de Fryske taal. Dit e-book befettet fierder hûnderten ûnbekende foto’s, brieven, kaarten en objekten út de priveekolleksje fan de skriuwer. Sa komt de lêzer noch tichter op de hûd fan de grandioaze ferteller dy’t Redmond O’Hanlon is. In unike lêserfaring!
Dit e-boek is it bêste te lêzen op in iPad. It is in útjefte fan Boekburo Fier, dêr’t Regaad in platfoarm foar biedt.
€ 0,00
Miskien binne dizze boeken ek foar dy
Wat minsken sizze oer Regaad:


