Regaad 10 jier!

Op 11 novimber 2023 is it sa fier: dan bestiet Utjouwerij Regaad mar leafst 10 jier. Tsien jier lyn is de útjouwerij oprjochten troch fiif manlju, allegear âld-lid fan de Fryske Studintefiering F.F.J Bernlef út Grins. Mei as doel: moaie boeken meitsje. Want alle boeken dy’t de manlju yn hannen krigen, dat koe moaier. Oft it no om de kaft gong, om de yllustraasjes, om de oersetting, nim it mar: dat koe Regaad ek wol. Regaad stiet foar kwailteit oer alle boegen.

10 jier letter hat Regaad him oan syn wurd hâlden: der binne in tal fan prachtige boeken ferskynd. Fan De GFR, oant in Bouquet reeks-edysje dy’t yn alle Fryske supermerken lei.

Der binne prizen won, der binne aktiviteiten organisearre. En de manlju fan Regaad binne der noch lang net klear mei. Mei in spiksplinternije webside ynklusyf webshop geane wy op nei de folgjende tsien jier!

Shopping Cart