It parfum – De skiednis fan in moardner
Yn it Frankryk fan de achttjinde iuw stjonkt it. Slim. Mids alle roken, goed en kwea, ûntjout de jonge Jean-Baptiste Grenouille him mei syn boppeminsklik goede noas ta in geniaal parfumeur. Mar sa skerp as syn noas is, sa stomp is syn gewisse. Yn syn syktocht nei it ultime parfum is mearfâldige moard foar Grenouille oars net as in needsaaklik kwea. Mei It parfum. De skiednis fan in moardner skreau Patrick Süskind (1949) in magistrale thriller. Dizze moderne klassiker is al mear as 20 miljoen kear ferkocht en belibbet no, mei it Frysk, syn fiifenfyftichste oersetting.
Regaad Nûmer 9
ISBN: 978 90 821970 8 2
NUR: 302
– softcover mei flappen
– 135 x 210 mm
– 294 siden
Oersetting: Jan Popkema
Kollaazje omslach: Peter Boersma
€ 12,50
Miskien binne dizze boeken ek foar dy
Wat minsken sizze oer Regaad:
"Regaad is in batshit-crazy útjouwerij. Ferjou my it Angelsaksysk, mar it koe net oars. Hiel moai dat d'r in klup is dy't apart wurk beskikber makket. Sels yn in pandemy betinke sy noch in omwei."

"Myn gearwurking mei Regaad fielde foar my as kattekwea úthelje mei in groep bêste maten. It joech deselde enerzjy as doe't wy eartiids stikem beltsjedrukten of pylkjeskeaten, mar no tsjinne it in goed doel: moaie boeken en it Frysk. It bêste heuch ik my de Horrortour doe't wy mei in oaljelampke doarpshuzen grizelje lieten."
Aant Jelle Soepboer
"Geweldig dat mijn Harlequin roman door Uitgeverij Regaad in het Fries is uitgegeven. Dankzij de goede en persoonlijke samenwerking met Regaad is Leafde yn Ljouwert in groot succes geworden!"
Fleur van Ingen (pseudoniem)
"Slach Regaad op Regaad - dêr sitte priiswinners."
Jan Popkema
"Ik boek oersette/útjaan yn 'e mande mei Regaad is suver in lyts feestje. De mannen hawwe each foar taal, styl, byld, foarmjouwing en folle net genôch. Sa komme se alle kearen wer ta de moaiste útjeften."
Geart Tigchelaar
"Regaad stiet foar bysûndere, kwalitative útjeften. Dyselde omskriuwing jildt ek foar de gearwurking tusken útjouwerij en meiwurker: kleare klasse!"
Willem Schoorstra