De skipsjonges fan Bontekoe

‘It libben fan in mán giet net sûnder stoarmen foarby.’ It binne de bekende wurden fan Johan Fabricius, út syn ferneamde jeugdboek De scheepsjongens van Bontekoe. Fabricius hat syn spannende ferhaal basearre op it wrâldferneamde skipssjoernaal dat VOC-skipper Willem IJsbrantsz. Bontekoe byholden hat oer syn ûngeloksreis nei Ynje yn 1618-1619 mei de Nieuw-Hoorn. Stoarm, wynstilte, skuorbot, brân, haaien, moardsucht… De bemanning fan de Nieuw-Hoorn hat it allegeare belibbe, en Fabricius hat der in spannend ferhaal fan makke. Syn boek is yntusken al mear as 250.000 kear ferkocht, ferfilme, yn stripfoarm útbrocht, en oerset yn 8 oare talen – en no ek yn it Frysk!

Foar dizze Fryske útjefte binne nije kleureyllustraasjes makke troch Roelof Wijtsma.

Regaad Nûmer 2
ISBN: 978 90 821970 1 3
NUR: 280

Oersetting: Anne Tjerk Popkema
Yllustraasjes: Roelof Wijtsma

Miskien binne dizze boeken ek foar dy

Wat minsken sizze oer Regaad:

Shopping Cart