Bistespul

Nei de dea fan Ald Majoar, de baarch dy’t harren lieder wie, ­nimme de bisten de macht oer op Hearkespleats. Se dope it boerehiem om ta: It Bistespul. It eksperimint begjint! Kinne de bisten it sels roaie op de pleats? Jawis – alteast… It duorret net lang ear’t de earste skuorkes yn de idillyske bistekommune har fertoane. Neat minskliks is de bisten frjemd. Slagje se deryn om it eksperimint slagje te litten? Of sil de skiednis himsels werhelje?

George Orwell skreau mei Bistespul (Animal Farm, 1945) in ­like felle as tragikomyske oanklacht tsjin totalitêre rezjyms. Dat die er yn it histoaryske each fan de stoarm: healweis de jierren fjirtich, doe’t it nasjonaalsosjalisme ôflost waard troch it stalinisme. Syn fabel hat hjoed-de-dei noch neat fan syn krêft en tapaslikheid ferlern. Like twingend as altiten bliuwt Orwells universele boadskip oerein, dat alle bisten lyk binne, mar guon geliker as oaren.

Regaad Nûmer 13
ISBN: 978 90 829857 2 6
NUR: 277
– Hardcover
– 170 x 230 mm
– 96 siden

Oersetting: Ammerins Moss-de Boer
Yllustraasjes: Sytse van der Zee

 

 17,50

Miskien binne dizze boeken ek foar dy

Wat minsken sizze oer Regaad:

Shopping Cart