It parfum – De skiednis fan in moardner

Yn it Frankryk fan de achttjinde iuw stjonkt it. Slim. Mids alle roken, goed en kwea, ûntjout de jonge Jean-Baptiste Grenouille him mei syn boppeminsklik goede noas ta in geniaal parfumeur. Mar sa skerp as syn noas is, sa stomp is syn gewisse. Yn syn syktocht nei it ultime parfum is mearfâldige moard foar Grenouille oars net as in needsaaklik kwea. Mei It parfum. De skiednis fan in moardner skreau Patrick Süskind (1949) in magistrale thriller. Dizze moderne klassiker is al mear as 20 miljoen kear ferkocht en belibbet no, mei it Frysk, syn fiifenfyftichste oersetting.

Regaad Nûmer 9
ISBN: 978 90 821970 8 2
NUR: 302

– softcover mei flappen
– 135 x 210 mm
– 294 siden

Oersetting: Jan Popkema
Kollaazje omslach: Peter Boersma

 

 12,50

Dit boek hat de Obe Postmapriis 2020 wûn

Miskien binne dizze boeken ek foar dy

Wat minsken sizze oer Regaad:

Shopping Cart