Teltsjes fan Tellegen – Alventritich bisteferhalen

Wylst de oaljefant op in gleonhite simmerdei it swimbad leechsûget, falt de sinne heech oan de loft yn sliep: krekt in dei foar de sprinkhoanne om ris oer it hielal te springen. Yn de wrâld fan Toon Tellegen is neat normaal, mar is ek neat apart. Slach it boek iepen en strún tusken de bisten fan de bosk om. Tink der al om, want it kin tsjuster wêze, de kikkert hat de moanne niis opfretten.

‘Teltsjes fan Tellegen’ is in boek mei alventritich fan de moaiste ferhalen fan de grutte ferteller Toon Tellegen, mei soarch selektearre út syn ûnbidich grutte oeuvre, én oanfolle mei trije nagelnije ferhalen, spesjaal troch de master sels skreaun foar dizze útjefte. Tellegens wurk heart ta de moderne klassikers, en is no foar it earst ek yn it Frysk te lêzen, troch jong en âld.

Regaad Nûmer 7
ISBN: 978 90 82197 0 6 8
NUR: 280

– Hardcover
– 195 x 255
– 88 siden

Oersetting: Anne Tjerk Popkema
Yllustraasjes: Douwe Dijkstra

 15,00

Dit boek hat de IBBY Honours List 2018 wûn

Miskien binne dizze boeken ek foar dy

Wat minsken sizze oer Regaad:

Shopping Cart