“De skacht en de slinger” has been added to your cart. Sjoch karre
De skacht en de slinger
‘Ik wie ynein, deaynein fan ’e lange foltering en doe’t se my lang om let losmakken en ik sitten gean koe, fielde ik hoe’t ik de sinnen ferlear. It fûnis – it freesde deafûnis – wie it lêste dúdlik ûnderskiedbere dat ik noch hearre koe.’
Edgar Allan Poe hat it ferhaal ‘The Pit and the Pendulum’ foar it earst publisearre yn ’e bondel The Gift: A Christmas and New Year’s Present for 1843. Ynkwisysje, in ferbliuw yn in tsjustere tsjerker, folterjen… De horror is yn plakjes te fykjen. Mei oan dit ferhaal hat Poe syn wrâldwide rom te tankjen. Mei rjocht. It is seldsume goed.
Lês dit Krystgeskink út 1842, en huverje…
Regaad Nûmer 1
ISBN: 978-90-821970-0-6
NUR: 302
– hardcover mei stofomslach
– 150 x 195 mm
– 32 pagina’s
€ 10,00
Miskien binne dizze boeken ek foar dy
Wat minsken sizze oer Regaad:
"Regaad is in batshit-crazy útjouwerij. Ferjou my it Angelsaksysk, mar it koe net oars. Hiel moai dat d'r in klup is dy't apart wurk beskikber makket. Sels yn in pandemy betinke sy noch in omwei."

"Myn gearwurking mei Regaad fielde foar my as kattekwea úthelje mei in groep bêste maten. It joech deselde enerzjy as doe't wy eartiids stikem beltsjedrukten of pylkjeskeaten, mar no tsjinne it in goed doel: moaie boeken en it Frysk. It bêste heuch ik my de Horrortour doe't wy mei in oaljelampke doarpshuzen grizelje lieten."
Aant Jelle Soepboer
"Geweldig dat mijn Harlequin roman door Uitgeverij Regaad in het Fries is uitgegeven. Dankzij de goede en persoonlijke samenwerking met Regaad is Leafde yn Ljouwert in groot succes geworden!"
Fleur van Ingen (pseudoniem)
"Slach Regaad op Regaad - dêr sitte priiswinners."
Jan Popkema
"Ik boek oersette/útjaan yn 'e mande mei Regaad is suver in lyts feestje. De mannen hawwe each foar taal, styl, byld, foarmjouwing en folle net genôch. Sa komme se alle kearen wer ta de moaiste útjeften."
Geart Tigchelaar
"Regaad stiet foar bysûndere, kwalitative útjeften. Dyselde omskriuwing jildt ek foar de gearwurking tusken útjouwerij en meiwurker: kleare klasse!"
Willem Schoorstra